Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oleg de Wize

Keunst
PDF Print E-mail
fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*

Image

Wol harkje nei dit wize liet
oer Oleg, foarst fan Novgorod:
besef dat rom úteinlik ek fergiet.

De wize foarst teach nei de striid
tsjin fijâns kwea, goed foar de dea,
besefte alle libbens ha har tiid.

De strider waard gewaar it kleed
dat ljochtsjend tusken stammen hong,
it wie de lange dracht fan in profeet:

‘Wit dat it needlot treffe sil
de wize foarst fan Novgorod,
it wite hynder hat in swarte wil.’

It ôfskie fan syn maat wie swier
en loek al tsjusterte foar ’t each,
want nea beried er wer sa’n skrander dier.

’t Wie jierren letter dat de rop
gie oer it gea fan Novgorod:
‘It bonkerak leit op ‘e heuveltop!’

De wize foarst teach nei ’t skelet
en roude om syn trouwe maat,
mar seach de gifslang yn it eachgat net.

De gifbyt waard de foarst fataal,
de swarte wil krong yn syn bloed:
besef de djipgong fan profetetaal.

Image

* Viktor Michajlovitsj Vasnetsov (1848-1926)
Skilderijen by Poesjkins gedicht
‘It liet fan Oleg de Wize’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum