Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oangesicht

Keunst
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*
fan Michelangelo**

Image

Hy stoarret ús mei grutte eagen oan
yn al syn keninklike pracht
fan stiennen, glês en goud;
se neamden him de goadesoan,
dy’t boppe ’t sljochte folk útriisde,
dat net oars die as syn lege plicht,
mar hy is dea, al mear as trijetûzen jier,
en lit him sjen yn ’t stedsmuseum,
inkeld noch syn deade-oangesicht.

Sy hâldt Him op ‘e skurte as in bern,
sa’t sy ek die yn Betlehem,
want noch is Hy har soan;
al liket Hy foar har ferlern,
syn wurden wiene oars, dy wiisden
op in trochgeand libben nei de dea,
dat foar har tichte eagen is noch himelsk fier
fuort, mar se heart al it Te Deum,
wylst se hoeden hâldt syn deade lea.

Image

* Deademasker fan farao Toetanchamon
(sirka 1330 foar Kristus)

** Michelangelo (1475-1564)
Moarmeren byld ‘Pietà’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum