Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Nei moarntiidsglâns de bút

Keunst

fan William Turner*



Lit de sinne heger klimme,
want de dize hâldt de strielen tsjin
of jout de moarntiid sa de glâns
dy’t djipper is op ’t ierdske flak?
De himel soarget foar gewin.

Hûnderttûzen fisken swimme
noch, de nacht joech lykwols net te min;
de fiskers wiene ’t wekjen mânsk
en brochten krekt de boat teplak,
fersetten no mei drank it sin.

Froulju ha de sliep ôfbrutsen,
foar ’t gefoel wie it noch neare nacht,
’t ferstân brocht harren op it strân
noch foar’t de boaten sylden út
de dize, sulver wie de fracht.

Is it mes yn ’t fiskfleis stutsen,
krijt de sinne oer de dize macht,
dan skoot it seebyld nei it lân
en sprekke fiskers fan de bút…
gjinien slacht noch de himel acht.

* William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘Fisk by it lemieren’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum