Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Neaken foar de krisis oer

Keunst

fan Marc Chagall*



Noch bloeie blommen yn de faas,
read fan in freugdefolle dei
om nea wer te ferjitten,
mar de loft fiert graute mei
en yn de fierte klinkt geraas.

Sy hat har deljûn op it kleed
en hat fan dei noch graute weet.

Doe bloeide oeral  ’t libben op,
heechsimmer wie it moannen lang
sa tusken kjeld en hjitte,
mar de graute makket bang
en yn de fierte klinkt gerop.

Sy sakket yn de djipte wei
en swevend dreamt sy fan de draai.

De blommen trilje fan de kjeld,
want snijend raast de noardewyn
en draait dan nei it westen:
djipgeand slacht de krisis yn,
sy wachtet neaken op ’t geweld.

* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Neaken boppe Witebsk’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum