fan Rembrandt*
fan Marc Chagall**
Sa wolkom wêze kin in bern,
al is it dan op ’t rûge strie
en ûnder ’t byntwurk fan in stâl,
it is oandwaanlik om te sjen,
elk is mei dit mystearje mâl.
De mem en heit stean yn it ljocht
dat strielet fan dit wûnder ôf
en bynt de minsken oaninoar;
de hoeders ha dit skynsel socht
en steane der yn deemoed foar.
It felle ljocht leit achter har,
de houten wente brânt as strie
omdat sy in Joadinne is,
de pogrom wie foar ’t bern te bar:
de skreau, fan ’t libben net mear wis.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘De oanbidding fan de hoeders’
** Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Fjoersee yn de snie’
|