fan Arnold Böcklin*
Hy flechte foar it kriichsgeweld
en wist dêr spilet grif de dea
de haadrol op it slachtoaniel,
want nei de hjitte hearsket kjeld,
dy’t waret oer ’t bestjurre rea.
Mar doe’t er fûn de feilichheid
fan frede, hearske wer de dea,
diskear troch sykte, goalera,
de slach wie wreed, hy brocht as heit
twa bern nei ’t grêf, fergeat dat nea.
Hy brocht de kwast nei syn palet,
it linkerear nei strykmuzyk
en wist dêr spilet grif de dea;
op ’t doek hat er de klanken set,
syn keunst oerlibbe ’t deaderyk.
En nei syn dea klonk wer muzyk,
fan Mahlers fjirde symfony,
dêr’t Böcklins kleurpalet yn klonk,
doe draaide yn it grêf syn lyk:
reaksje op ‘e melody.
* Arnold Böcklin (1827-1901)
waard nei syn dea beskôge
as de belangrykste Dútske skilder
yn syn tiid.
Skilderij ‘Selsportret mei de dea’ |