fan Leonardo da Vinci*
Hat hy dy stellen om dyn glim,
de man foar eigen folk en naasje?
Rome wie him neier as Parys,
mar dochs, hy wachte op dyn stim,
mei ’t glimkjen folop graasje.
Dyn mûle hast net iependien
doe’t hy dyn sêfte hûd betaaste,
seachst allinnich skruten, suver fiis,
hoe’t hannen, geil fan fleis oer bien,
om dyn erkenning raasden.
Dyn eigen hannen leine stil,
gjin heil foar eigen folk en naasje,
want dyn glimkjen eage inkeld wiis,
de hiele wrâld oer wie dyn wil
yn frijheid en mei staasje.
* Leonardo da Vinci (1452-1519)
waard berne yn in Toskaansk stedsje
by Vinci.
Hy krige syn oplieding yn Florence
by byldhouwer Andrea del Verrocchio.
Mona Lisa, ek bekend as Lisa Gherardini,
wie 25 jier doe’t se skildere waard.
Yn 1911 waard it skilderij troch
in Italiaanske nasjonalist stellen
út it Louvre te Parys. Twa jier
letter wie it wer teplak.
|