Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mistwarskôging

Keunst
PDF Print E-mail
fan Winslow Homer*

Image

De kust noch fier, de fangst wol goed,
de weagen heech, it roeien swier,
de rêch rûn-rjocht, te skoar de foet
en oan de kym de loft al skier.

De sinne blikkere dy dei,
de seewyn lykwols kuolle ôf,
de fikser seach de fisken mei
de skobben yn in frjemde bou.

Image
**
It dwarrele as dûbeleach,
tefolle fisken foar de fangst,
de weagen dy’t er doe noch seach,
fermannichfâldigen syn langst.

In fiere skoener foer de kym
bylâns, ferdizige, wie wei,
de fisker preau it sâlte slym,
de tonne leech en fol de dei.

* Winslow Homer (1836-1910) wie in Ingelsman
dy’t 25 jier  yn in fiskersdoarpke oan de
noardeastkust fan de Feriene Steaten wenne.

** M.C. Escher: ‘Wa’t fan jongs ôf him hielendal
oerjout oan it beoefenjen fan de grafyske techniken,
kin sa fier komme dat er in folsleine behearsking
as syn heechste ideaal beskôget.’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum