Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Memento mori

Keunst
PDF Print E-mail
 fan M.C. Escher*

Image

Ik soe my skeare
yn de holle spegel
foar in glêde hûd
en neffens fêste regel
woe ‘k de eagen keare
foar in eigen groet.

De teisters bûgen
foar myn beide eagen
sûnder glimk of lûd,
doe hat de iris noege
en ik ha it weage
as wie alles goed.

Ynienen grize
út it swarte djippe
’t kopke fan myn noed,
doe waard it eachfocht drippen,
want wat koe ik kieze
oars as libje hjoed?

* M.C. Escher: ‘Wa’t fan jongs ôf him hielendal
oerjout oan it beoefenjen fan de grafyske techniken,
kin sa fier komme dat er in folsleine behearsking
as syn heechste ideaal beskôget.’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum