november 19, 2020
fan Peter Paul Rubens*
Sy hat de koaltsjes gloeie litten,
want bûten is ’t ferhipte kâld,
gjin sprake noch fan sudewyn,
dy’t jong en âld op waarmte hâldt.
De beppesizzers liet sy witte:
‘Wat bûten bart, is myn behâld,
dêr gean ik hielendal op yn,
want deale, wa hat it oer âld?’
De jonges seagen it wol sitten:
ús beppe springt wer út ’e bân;
de lêste kear, al wiken lyn,
stie binnendoar ’t spul yn de brân.
Dus hoege sy hjoed net te switten,
want bûten is it ûnder nul,
de wyn komt út it easten wei,
’t is no de tiid foar ’t gleone spul.
‘Kom, jonges, om de fjoerkoer hinne,
behalve waarmte riist it ljocht
der ek út op, want mei elkoar
ha wy it aventoer opsocht.’
* Peter Paul Rubens (1577-1640)
Skilderij ‘In âlde frou, in jonge en in jongfeint
waarmje har by in fjoerkoer’
november 14, 2024
november 7, 2024