fan Constance Marie Charpentier*
fan Theodore Gericault**

Se klaaide har yn ’t wyt
omdat it paste by it neaken
sa’t dat yn de holle siet:
de bylden fan it dweiltrochwiet
fan see en swit, se woe it kwyt,
mar oan de kym… gjin inkeld beaken.
Wat hy ferhelle hie,
feroare yn wol hûndert bylden:
’t raseil oan de skeane mêst,
de trie joech amper noch hâldfêst,
de swarte dy’t syn himd útdie,
sy fielde oan wat him besiele.
Fan fyftjin wie hy ien
dy’t libben fan it flot ôfkommen
wie, syn wurd waard by har byld:
de heit hie noch de hertslach field,
doe waard syn soan sa kâld as stien
en wie syn siele ek ferklomme.
Se sit foar dea yn ’t wyt
op ’t flot dat sy fan ’t libben makke
mei foar eagen ’t jongeslyk;
de weagen rûzje mankelyk:
‘De rekkest nea dat neaken kwyt,
’t sil oan dyn hûd as seesâlt plakke.’

* Constance Marie Charpentier (1769-1849)
krige foar har wurk de gouden medalje
fan de Salon fan Parys.
** Theodore Gericault (1791-1824)
wie ien fan de bekendste fertsjintwurdigers
fan de Frânske Romantyk.
Skilderij ‘It flot fan de Méduse’
|