fan Willem de Poorter*
Hy hie it minder treffe kind
as learling fan de grutte master
Rembrandt, wiid en siid bekend,
beseach er ’t fallen fan it ljocht
dat trochkrong yn it tsjuster,
mar dochs, hy wist it noch net rjocht.
‘Myn freon, ’t alles vanitas
sa’t Preker it de Joaden learde,
dêrom lit it libben los
dat fûl tsjin fijâns findel focht,
sjoch ien kear noch nei juster,
set vanitas yn ’t skrille ljocht.’
De Poorter liet syn kinnen sjen
yn harnas, oarlochsbút en findel,
de matearje giet ferlern,
sjedêr de man dy’t rúzje socht,
leit as skelet yn ’t tsjuster
en brutsen falt it wiffe ljocht.
‘Myn freon, ’t gehiel is net sa min,
betink lykwols wat ik dy learde:
’t libben hat in djippe sin,
want sjoch it bern yn ’t folle ljocht,
wylst hoeders, ’t paad earst bjuster,
ha him har sljochte earbied brocht.’
* Willem de Poorter (1608-nei 1648)
krige syn oplieding yn it atelier
fan Rembrandt yn Leiden.
Hy makke, lykas syn master,
in tal skilderijen mei bibelske tema’s.
|