Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Leafde foar bernelok

Keunst
PDF Print E-mail
fan Honoré Daumier*

Gjin grutter freugde as in bern
dat oan it boarst leit fan de mem
om fan har leafde yn te drinken,
’t is oan hiel it wêzen wol te sjen:
dit is de dei om rynsk te skinken.

Dit is de grutskens fan de heit
as ’t jonkje earste stappen set,
noch wif, mar feilich yn syn hannen,
wat oer ’t wêzen fan de mannen seit:
har libben rint nei grutte plannen.

Gjin grutter eangst as foar de feart
dy’t oan it jonge libben lûkt
om nocht en wille yn te drinken,
mar as mem of heit de stap net keart,
dan sil syn lûd net langer klinke.

Gjin grutter freugde as de heit
draacht yn de earms it bleate bern
en mem hat field dat er noch libbet,
wat oer ’t wêzen fan de leafde seit
dat dy it lok fan ’t bern neistribbet.

Image

* Honoré Daumier (1808-1879)
tekene 4000 satiryske printen
en makke ek oansprekkende skilderijen.
Skilderij ‘De rêding’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum