fan James Ensor*
Hy waard berne yn Oostende,
dêr’t ek wurkfolk wenne, earm en djip
yn ’t lijen, dat heech oprûn
ta reboelje, sels de kening hie gjin grip
mear, mar de ein wie wer ellinde.
Skilder waard er, dat moast wenne
yn de wrâld fan hoe’t it wie en moast;
om’t hy de paden oprûn
fan reboelje, waard syn skilderstreek it koartst,
dochs hied er langstme nei erkenning.
Kristus liet er kleurryk komme
yn de haadstêd Brussel sa’t hy woe;
it folk dat mei Him oprûn,
song jûchheiend sa’t it op dy dei noch koe
oant by it krús it lûd ferstomme.
Heechop, sa woe hy ek sitte,
mar net heger, hingjend oan it krús;
it lok is mei him oprûn,
frijút fielde hy him op dy hichte thús,
in elk soe fan syn yntocht witte.
* James Ensor (1860-1949), tekener, skilder en etser,
waard oan it begjin fan syn karriêre miskend,
mar letter eare as in grut keunstner.
|