fan Gerard David*
Wol skôgje oer in âld en wreed ferhaal
yn Perzië ferteld en wrachtich wier
noch barrend op in wider skaal:
korrupsje en de straf fan tean oant hier.
In rjochter kriich in boarger oan de doar,
ien mei in daging en in sek mei jild:
‘Wis, bêste man, dêr is men foar,
ik ha my nea oan rjocht en jild fertild.’
Syn rjochte strjitte hie in each en ear,
sadat de mûle spriek de wierheid út:
‘De rjochter wie mei ’t spul gau klear,
spriek rjocht wat krom is mei grou jild as bút.’
Cambyses, kening fan it Perzysk ryk,
spriek as de heechste rjochter ’t fonnis út:
‘Hjir jildt it rjocht, want jild bûcht bryk
en brekt jo op, de dea as einbeslút.’
Dus waard de rjochter op ‘e tafel lein
en fêstbûn, dêrnei strûpt fan tean oant hier,
mar skôgje hjoed: kaam der in ein
oan macht en jild? It is noch stjerrend wier.
* Gerard David (sirka 1450-1523)
wie ien fan de belangrykste skilders
fan syn generaasje yn Brugge. |