fan Viktor Michajlovitsj Vasnetsov*
Aljonoesjka, Russysk moaiste,
faam mei eagen dêr’t de siel yn blinkt,
de wetterspegel dy’t dy winkt
as griene djipte dêrst dy earder al mei toaidest.
Kikkerts hawwe dy hjoed roppen,
want do kinst har kwêkerstaal ferstean,
dyn winsk is klaaie yn dy klean,
want út ‘e griene djipte wurdst prinses fan boppen.
Mar dêrboppe binne machten
dy’t oerhearskje wa’t har toait mei ’t grien
fan ’t Russysk lânskip en begien
is mei de djipte dêr’t de kikkerts op har wachten.
Aljonoesjka, no bist finzen:
dûnsje litte sy dy op ‘e snaar
fan eigen wil, in grut gefaar,
mar yn dyn djipgrien kleed fljochtst mei de swan oer grinzen.
* Viktor Michajlovitsj Vasnetsov (1898-1926)
Skilderij ‘Aljonoesjka’
Skilderij ‘De kikkertprinses’ |