fan Akseli Gallen-Kallela*
’t Wie snein, in kâlde dei,
doe’t al betiid de toerklok lette,
elk elkoar it bêste sei
en nei de tsjinst ta sette.
Behalve Axel mei
syn stôk, dy’t kjeld noch klok fernommen
hie, omdat it him net lei,
it koe him neat ferdomme.
Behalve Beda yn
de pronk, dy soe him grif net mije,
as it moast, koe hy har blyn,
mar klear, foar eagen krije.
Se seach syn eachopslach,
de stôk dy’t sa nei foaren sjitte
koe en stapte mei ferdrach
foarby, hy hat it litten.
Yn tsjerke seach it swart
fan manlju dy’t de draai net litte
koene, each en ear tekoart,
mar wol in earm foar ’t stjitten.
* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
wie in Finske keunstner, dy’t ûnder oare
it plattelânslibben skildere.
|