Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Japanske brêge

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

De brêge noeget út om oer te gean
fan wat fertroud is nei de fierte,
mar de rûnte fan Japan
is ’t freegjend teken efkes stil te stean
om ’t kleurespul net te ferjitten.

De griene rûnte fan it driuwend blêd
mei leeljes, libbene ympresje
as fan fivers fan Japan
is ’t stille antwurd op ‘e drokke stêd,
it draaiend rêd fan de obsesje.

De rûnten freegje om noch mear te sjen:
wat opkomt út it eigen djippe
sûnder rûnten fan Japan,
as ûnder stille wetters fan in bern
om op ‘e brêge oan te tippen.

* Claude Monet (1840-1926)
wie in Frânske skilder
dy’t hearde by de skoalle fan
de ympressionistyske keunstners.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum