Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ile jûnen

Keunst
PDF Print E-mail
fan David Teniers de Jonge*

Hy lei deis oeren stien op stien
en foege dy mei griis semint,
syn ark: in beitel, troffel, hammer;
hy fielde faak himsels te lien
foar oardel sint, sa wied er wend.

It resultaat stie muorrefêst,
hoewol’t de holle wie him dwyl
fan lang foaroer, de lea ferlamme;
it lichem frege om wat yl
wie, want nei swierte joech soks rêst.

De kroech wie jûns it ûnderdak
foar swiere rokers, pipen fol,
want idel wie ’t bestean, ferjamme!
Mei fjoer en reek joech ’t libben gol
gerak oan elk, dit wie syn plak.

Image

* David Teniers de Jonge (1610-1690)
Skilderij ‘De smokende mitseler’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum