Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Iiswille

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hendrick Avercamp*

Image

Syn libben like as beferzen,
want de earen sieten ticht,
de tonge wie him stiif
en dochs mocht hy der wêze,
want sa skerp wie syn gesicht
dat it pinseel waard syn geriif.

Hy soe gjin redens ûnderbine,
mar se krasten op papier,
net mei de kolfstôk slaan,
dochs liet er dy ferskine,
ek net glide yn de swier,
hy ried syn eigen baan.

De foarbaan lei er as in spegel
mei it folk fan slach en streek
en yn de middenbaan
wie stean of slydskje regel,
achteroan gie ’t op yn reek,
sa wie syn wintersk dwaan.

Syn libben like as beferzen
mei in baan om op te skampen,
mar syn humor mocht der wêze:
wurk fan de Stomme fan Kampen.

* Hendrick Avervamp (1585-1634)
learde as dôfstom jonkje
it lêzen en skriuwen fan syn heit,
dy’t skoalmaster wie.
Syn skildersoplieding krige er
yn Amsterdam, dêr’t se him ek
syn bynamme joegen.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum