Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hynders

Keunst
PDF Print E-mail
fan Paulus Potter*

Image

Wy witte, Paulus, datsto siik wiest,
want de tarring tarde út dyn lea
doesto dyn folk yn etsen sjen liest
’t libben fan it jongste oant de dea.

Lit no de hynders mar fertelle
dat it jier de fjouwer tiden jout
fan bloei oant hoe’t de winter rout,
dat minsken harren dagen telle.

Wy sjogge op dyn ets it lijen
fan de âlde keddes ribbekas,
hy wol syn maat net langer mije,
want de dea komt yn syn kream te pas.

Lit my op ’t lêst dan noch wat sizze,
om’t iksels safolle jonger bin
as âlde kedde, sil ik sin-
leas yn de winterdunen lizze?

* Paulus Potter (1625-1654)
wie in diereskilder.
Hy makke in searje etsen
mei hynders dy’t tagelyk
de seizoenen en de rin
fan it libben útbyldzje.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum