augustus 15, 2019
fan Ids Wiersma*
Sjedêr ús heit
mei pipe, jiskebak en kwispeldoar,
dy’t hy nei ’t bodzjen nedich hat,
syn ark foar binnendoar.
Sjoch nei ’t gesicht,
hy eaget nei syn eigen binnendoar,
fielt him dêr skôgjend op ’t gemak,
dêr is ’t no ienkear foar.
Sjoch nei de fûst,
dy’t krêftich om de foarkestâle lei,
hy smiet de lading krekt teplak,
’t hea naam syn switdrip mei.
Sjedêr ús mem
mei om de holle kant en blinkend goud,
dy’t sy nei ’t wurk teplak brocht hat,
sy is mei ’t goud op troud.
Sjoch nei ’t gesicht,
sy sjocht fan binnendoar út nei wa’t komt
en stelt har bernsbern op ’t gemak,
heart dat har man wat bromt.
Hear nei har lûd,
dat net te lûd klinkt as sy witte wol
wat lytse Sijke hawwe wol,
as beppe is sy gol.
* Ids Wiersma (1878-1965)
Skilderij ‘Heit’
Skilderij ‘Mem’
november 14, 2024
november 7, 2024