september 13, 2018
fan Georgij Nikolaevitsj Bibikov*
Heech sil de Sovjet-Uny libje,
Lenins brede ideaal
fan Eastsee oant de Grutte Oseaan;
gjin tsaar sit langer op ’e troan,
elk minske sprekt deselde taal
en sil it ‘grut gelyk’ neistribje.
Fernim de spanning op ’e touwen,
want it giet de hichte yn
om sa it westen te ferslaan:
de wittenskip komt op ’e troan
mei eastewyn en sinneskyn,
de heechste macht is te fertrouwen.
Op twaentweintich kilometer
komt er op it heechste punt,
dêr’t amper lucht te krijen is;
al hymjend klinkt skril fan de troan:
‘Wy Sovjets soargje foar in stunt,
spektakulêrder as tsaar Peter.’
Fernim de spanning fan dy trije,
om’t de fal net djipper kin
as wêr’t de ierde is, ’t giet mis!
De deaden komme op ’e troan,
want Sovjet’s helden hawwe sin,
om’t sy ’t bestean oan ’t witten wije.
* Georgij Nikolaevitsj Bibikov (1903-1976)
Skilderij ‘Loftballon Osoaviachim’
november 14, 2024
november 7, 2024