fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Se roppe en se raze
mei programma’s rjochts en links
fan liuwesturt oant glêd gesicht,
se ha it measte fan in sfinks,
ús politike bazen.
Hy rôp net nei de lichte
mei programma’s nei it folk,
mar knibbele… wat is myn plicht?
Sa waard er foar de goaden tolk,
it folk kaam op ‘e hichte.
Syn deemoed makke mylder,
mar hy stelde wol de wet,
de kodeks as in heech gedicht
foar ieuwen yn de rûnte set,
hy troane op dy pylder.
* Stânbyld fan de biddende Hammurabi
** Kodeks Hammurabi, kening fan Babylon
|