fan Rembrandt*
De minske hat it byld foar eagen,
fan himsels yn ’t foarste plak
en fierder fan de grutte man,
hy libbet op ‘e weagen
fan it wurd, de rom op ’t heechste flak
en leger docht er yn de ban.
Dêr stiet er mei it byld foar eagen,
Aristoteles, de Gryk,
de waarme hân op ’t kâlde hier:
‘Homerus, ’t is gjin leagen,
wy Griken binne oan it byld gelyk
fan wurd en witten, stjerrend wier.’
Dêr sit er, wat syn eagen seagen,
hat er opslein yn it moed,
de joadske griisburd fan it Wurd:
‘Myn libben gie oer weagen,
de iene flak, de oare as in floed,
mar ’t byld wie nea foargoed de put.’
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Aristoteles mei in boarstbyld fan Homerus’
Skilderij ‘Portret fan in joadske griisburd’ |