fan Jan-Antoon Garemijn*
Rûk de kleuren fan de grienmerk,
rapen, prei en selderij,
de froukes mei in bleate hals
en hûnen, boartlik ien, de oare fals,
de fint dy’t miicht, twa muontsen yn in pij,
de kontekst libbensecht en stiensterk.
By it tichthûs wurdt hjoed slachte,
bargen, hynders en ek kij;
de messen fykje yn de hals,
it balten, skreauwen, flokken klinke fals;
de miger raast, syn woarstke komt derby,
omdat er op syn strieltsje langer wachte.
Op it poadium de sjonger
mei syn liet ek op papier:
in krimineel stiek yn de hals
fan ’t hoerke dat beskuldige him fals
fan stjitten as in dier, ’t wie stjerrend wier
en dêrnei hied er ek noch hynstehonger.
* Jan-Antoon Garemijn (1712-1799)
wie in Flaamske skilder,
dy’t syn hiele libben yn Brugge wenne.
Hy wie learaar oan en direkteur fan
de Akademy, wat him in protte opdrachten
fan de adel en de boargerij oplevere. |