fan Francisco Goya*
fan Théodore Gericault**
Hy troane heech as god
en seach op ’t boulân del
dêr’t hy de frucht fan iet
en hearske oer de boer syn lot,
mar waaard fan ’t eigen folkje kjel,
wat oan Saturnus friet.
Bang wied er dat syn troan
beset waard troch de bern,
it ieuwenâlde liet,
dus pakte hy syn âldste soan,
it jonkje wie folslein ferlern,
want heit Saturnus friet.
God Kannibaal koe ’t lang
net op, der bleau wat oer,
de lea fan ’t goadebern,
symboal dat sels de heechste rang
as boal benaud bliuwt foar de boer…
sels goaden gean ferlern.
* Francisco Goya (1746-1828)
makke op ‘e muorren fan syn fila
in searje ‘swarte skilderijen’,
dêr’t ‘Saturnus’ ien fan is.
** Théodore Gericault (1791-1824),
in pionier fan de Romantyk,
konfrontearret de taskôger mei
in tryste fyzje op it minskdom.
|