fan Léonard Defrance* 
 
As ’t izer gloeit, dan kin men smeie, 
want dan streamt it as it bloed 
troch ’t hert dat iepenstiet, 
sa’n waarmte docht de minske goed 
en kin noch oeren sprekken lije. 
De wurkers skreppe om it libben, 
steane swittend ticht by ’t fjoer 
en sa ferglydt de tiid, 
it lean is leech, it izer djoer, 
jûns gloeie troch de hûd de ribben. 
De sjoggers steane fier fansiden, 
krije útlis fan de baas 
sa’t soks by ’t smeien giet, 
de hjitte slacht har op ‘e blaas, 
dat daliks litte se it glide. 
* Léonard Defrance (1735-1805) 
skildere foaral portretten en sjenretafrielen, 
ûnder oare fan de yndustry yn Luik. 
Skilderij ‘Ynterieur fan in jitterij’  |