november 14, 2019
fan Jacob Backer*
No’t ik op jierren kom,
feroaret myn gesicht:
de heuvels wurde heger,
beide dobben justjes djipper,
de bosken kleurje griis,
en gatten groeie ticht.
Elk wit wol hoe dat komt,
’t komt del op it gefoel:
de hichten wurde leger,
alle dagen folle stiller,
de tinzen kleurje griis,
gjin gat hat noch in doel.
Dochs sykje ik derom:
op ’t lêst slacht alles ticht,
de spegel is ek stikken,
mar ik ha noch wol in diggel
dy’t freget: wat is wiis?
Sprekt dat út myn gesicht?
* Jacob Backer (1608/1609-1651)
Skilderij ‘Alde man mei spegeldiggel’
november 14, 2024
november 7, 2024