Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Gelikens aard

Keunst
PDF Print E-mail
fan Hans Anderson Brendekilde
fan Akseli Gallen-Kallela*
 

Syn spultsje stie op ’t iepen fjild
mei lapkes grûn dy’t hy bewurke
achter ’t hynder, jierrenlang syn maat,
faak sjongend mei de ljurken,
hy koe net stikken, ’t wie syn aard.De minne tiid friet oan it jild
en boppedat oan syn gewisse
doe’t er ’t trouwe dier ferkeapje moast;
hy koe it sels wol risse,
mar yn it libben siet in barst.

Image

De kym wie fier, gjin kop te sjen,
se fûn him plat en út ‘e liken,
raasde om it libben, sûnder baat,
de stêd wie foar de riken,
it iepen fjild lei yn har aard.

Mar fierderop, op ’t beamstamflot,
stie ’t hynder, heech de beide earen,
út ‘e liken nei in drokke dei;
it lot wie net te kearen
dat yn syn aard ek langút lei.

Image

* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
Skilderij ‘It beamstamflot’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum