fan Vincent van Gogh*

Hy wie in frjemde fûgel
sûnder wjuk, dus by de grûn,
yn ’t earst sa donker as in swarte krie
omdat syn biotoop net ljochter wie
oant hy de hichte fûn.

Doe krige hy syn wjukken,
noch ûnwennich fleach er op
en draaide rûntsjes boppe ’t bûgend nôt,
de roazen klapten, kleurich waard syn wrâld,
dat fierder klonk syn rop.
Syn fearren krigen tinten
sa’t gjin fûgel blonken hie,
hy flitste fan it iene nei it oar,
dêr wied er dan ek frjemde fûgel foar,
dy’t fûn waard yn de snie.

* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘Selsportret’
Skilderij ‘Oan de râne fan it nôtfjild’
Skilderij ‘De iisfûgel’
|