Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Freon fan it folk

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jacques-Louis David*

Image

’t Wie middenyn de revolúsjetiid
fan ’t Frânske folk dat foar de frijheid keas
en tagelyk foar altyd keningleas:
‘Allons enfants, wy geane folút foar de striid!’

Hy neamde him in freon fan ’t Frânske folk,
Marat dy’t fjurrich oprôp ta terreur
en bliede liet dy’t fregen om maleur:
‘Allons enfants, hjir stiet de revolúsjetolk!’

Marat, de keardel mei in dikke hûd,
dy’t troch de skulfers rekke bluodrich tin,
it breindoek foar de pine hie noch sin:
‘Allons enfants, it waarme bad foldocht my goed!’

Charlotte, revolúsjefaam mei moed
en wapen, woe Marat yn ’t neaken sjen,
want sûnder klean en fjoer wie hy in bern:
‘Allons enfants, myn fjurrich skot giet foar syn bloed!’

* Jacques-Louis David (1748-1825)
wie in fjurrich foarstanner fan de Frânske Revolúsje
en waard keazen as lid fan de Nasjonale Konvinsje.
Hy skildere ‘De dea fan Marat’ yn neoklassisistyske styl.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum