fan ûnbekend
Der stiet gjin namme ûnder.
Wat wie it foar in man
dy’t skildere foar wûnder?
Hy hold it folk foar ’t lapke,
it skilderij as kast:
’tromp l’oeil’: foar ’t each in grapke.
Syn keunstfoarn realisme,
mar dochs syn tiid foarút:
in mondriaansk kubisme.
Wat woed er byldzjend sizze?
Syn guod as rommelmerk?
’t Is dreech om út te lizzen.
De dingen liet er sprekke,
twa planken mei in taal,
sa koed er djipper stekke.
Wat ûnder is, ferbûn de
ferbylding mei de mûs:
it gnauwen fan de sûnde.
Dêrboppe is ’t befrije,
genêzing fan it kwea
troch leave frou Marije.
Sa sit de taal ferstoppe;
al is hy anonym,
wat ûnder is, komt boppe.
Wat stiet op eigen planken,
is realistysk guod,
kubistysk yn de flanken,
wat stikken is, kin fuort. |