fan Albert Edelfelt*
fan Akseli Gallen-Kallela**
Hy seach de Rus rjocht yn ’t gesicht,
Wibelius, de Finske gûverneur,
de hân op ’t âlde wetboek:
‘Generaal, gjin oarder dy’t ‘k fersteur,
ús folk docht troch de tiid syn plicht.’
De tiid joech oan de Rus de macht,
want Finske grinzen wiene net yn tel,
soldatelearzens stampten
deadlik, makken mem en berntsjes kjel,
it lân sonk yn de winternacht:
‘Generaal, ús wet is net yn tel,
myn folk slacht op it libben acht.’
Mar yn de simmer riisde ’t ljocht
dat troch de libbenstiid net ûndergong
en sjoch, dêr stie Kullervo
as it Finsk ferset dat flokte, song
by rots en pynbeam foar it rjocht:
‘Do ferdomde Rus, wy gean ús gong,
dyn dea jout ús wer libbensnocht.’
* Albert Edelfelt (1854-1905)
wie in Finske skilder
dy’t mei it skilderij ‘De gûverneur’
it ferset fan syn heitelân
tsjin de Russyske besetter útbylde.
* Akseli Gallen-Kallela (1865-1931)
die itselde mei ien fan de figueren
út ‘e sêgen fan de ‘Kalevala’:
‘De flok fan Kullervo’.
|