Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ferfleine oerfloed

Keunst

fan Frederik Marinus Kruseman*

kruseman-1

In ûle sûnder wjuklûd
lit him driuwe troch de nacht,
it stille bidden jout it oersicht
oer oerenlang ruïnepracht…
syn jacht op libben oerfloed.

Yn ’t ljocht fan folle moanne
wize bôgen nei it swurk
op pylders dy’t noch steune kinne,
yn goede dagen hillich wurk,
no kraait der noch gjin hoanne.

Gjin minske sjocht him sitten
om’t hy dêr allinnich is:
de muonts yn djippe meditaasje…
gjinien is fan syn libben wis,
dat lit de boufal witte.

Wat ienris wie yn oerfloed
yn de hosty en de wyn,
is troch ferfallen bôgen wjukke
en oplost yn de moanneskyn…
der klinkt gjin inkeld mûllûd.

* Frederik Marinus Kruseman (1803-1866)
Skilderij ‘Meditearjende muonts by in ruïne yn de nacht’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum