fan Rembrandt*
Sy hat se sjoen, de wizen
dêr’t de skilder har op wiisd hie:
‘Sjochst, Saskia, se binne yn berie,
har wiisheid is te priizgjen.’
Har Rembrandt koe it witte:
Paulus dy’t mei Petrus praat hie
oer hoe’t it yn syn eigen brieven stie,
dêr moast men it oan mjitte.
Sy koe der net mei sitte,
woe dat sy it him mar sein hie
dat sy folslein foar eigen wiisheid gie,
soks soe sy witte litte.
Har Rembrandt hat it murken,
klaaide har sa’t hy it sjoen hie
yn syn ferbylding, wie gau út ‘e rie
en hat mei ferve wurke.
Sy seach it oan as eale
dame, om’t sy ek wol wiis wie…
mei him foaral, mar dan yn stil berie,
fan top oant teil fereale.
* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Petear fan wizen’
Skilderij ‘Laitsjende Saskia’ |