Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fan triomf nei sloop

Keunst
PDF Print E-mail
fan Andrew Kennedy*
fan William Turner**

Image

Triomf, hy hat syn slach wer slein,
de Frânsman leit folslein derûnder,
hy is noch lang net oan de ein,
fart ûnder seil foar wûnder.

Sjedêr, as nij de helling ôf,
de grutste, grutsk is de marine,
de Frânsman komt troch him yn ’t nau,
hy lit syn fjurren skine.

Nei fjirtich jier de seilen del,
de boech slacht net mear troch de weagen,
gjin Frânsman wurdt fan him noch kjel,
hy hat de dea foar eagen.

De himel jout de symbolyk,
de stoom fertelt fan nije tiden,
moarn is de Temeraire lyk,
hat neat as stof te bieden.

Image

* Andrew Kennedy
Skilderij ‘De Temeraire fart by Trafalgar wei’

** William Turner (1775-1851)
Skilderij ‘It oarlochsskip Temeraire wurdt nei de sloop sleept’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum