april 25, 2024
fan Marten Groenhof*
Hoe faak ha ik dit byld al sjoen
fan ’t skip ôf, altyd ûnderweis
mei yn it rom de modder
foar boeren op it earme fean,
ik wie doe seis.
Ik seach de toer fan ’t Heidenskip
krekt boppe lege huzen út,
mar net de grutte skoalle,
dêr soe ’k meikoarten hinne gean,
net myn beslút.
Myn âlders seagen ’t as har plicht
om my it bêste mei te jaan,
ik moast fansels ek leare
om op te bouwen myn bestean…
koe ik soks dwaan?
Ik woe dit út ’e fierte sjen:
It Heidenskip fan ’t wetter ôf,
it tuorke boppe huzen,
net tichter by, nei skoalle gean,
sa’n grut gebou.
* Marten Groenhof (1925-1978)
Skilderij ‘Sicht op Hofmar en Brânbuorren’
november 14, 2024
november 7, 2024