Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eva’s en Adams

Keunst
PDF Print E-mail
fan Claude Monet*

Image

Image

De ieuwen hat er al trochstien,
de katedraal fan Frânsk Rouaan
mei poarten, bôgen en timpaan,
moarns ier, by mist, min waar en sinne,
ljochteffekten op it hôf fan stien,
dêr’t hjoed de dei noch Eva’s rinne.

Hy hat miljoenen jierren stien,
de poarte fan Frânsk Etretat
mei ’t stienplato der noch op ta,
dêr’t mânske weagen stikken rinne,
ljochteffekten op in beam fan stien,
dêr’t hjoed de dei de Adams winne.

Se sprongen fier fan stien nei stien
as keardels fan har krêften wis
sa’t prehistoarje foar har is,
wylst sy yn ’t hôf fan stilte binne,
miseffekten sa’t it ieuwen gien
is om in kromke heil te winnen.

Image

* Claude Monet (1840-1926)
Skilderij ‘Katedraal fan Rouaan’
Skilderij ‘Manneporte by Etretat’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum