Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Eva en Margareta

Keunst
PDF Print E-mail
fan Gustave De Smet*
fan Nicaise De Keyser**

Image

Mei de hannen op ‘e rûge grûn,
de fuotten noch yn ’t paradys
stiet Eva foar de gouden apel
mei ’t gefoel ‘it is in griis
om ’t sa te litten, dan bist stapel’.

Foar de helte is se fan de wrâld
mei ’t reade huodsje en it snoer,
wat bringt har dan noch fan de wize?
Har gefoel seit ‘jou dy oer
oan goud, do hoechst net iens te kiezen’.

Op dy wize gong it troch de tiid
fan frou nei man, fan heit op soan
oant Faust ferlate Margareta
mei ’t gefoel ‘nim it mar oan,
’t is justjes oars as doe mei Eva’.

Mei de holle leit se op it Wurd,
want trije neisten binne dea
troch ’t glânzjen fan de gouden apel,
har gefoel seit ‘no myn bea
om skuldferjouwing, oars wurd ‘k stapel’.

Image

* Gustave De Smet (1877-1943)
gie fan de luministyske styl
oer yn it ekspresjonisme.

** Nicaise De Keyser (1813-1887)
wie ien fan de belangrykste
romantyske skilders fan België.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum