fan Francisco Goya*
Wat ha ik noch te sizzen
yn de alderlêste tel?
It bin ien út it sljochte folk,
in Spanjaard sûnder franje,
libjend, fjochtsjend, haatsjend like fel,
want Napoleon sil lizze
troch de grime fan myn dolk
dy’t stekt him djipper yn de hel.
Dit ha ik noch te sizzen:
lang libje Spanje!
Mei it teken yn de hân,
it stigma fan syn striid,
stiek dizze kristus ta,
syn lea as ûnderpân
yn ’t fjurjen, ’t wie syn tiid.
It fljocht foarby de eagen
yn de alderlêste tel:
in libben as in prins gelyk
fan Eastenryk nei ’t fiere
Meksiko as keizer yn de sel,
want Napoleon syn leagen
makket daliks my ta lyk,
o Kristus, sparje my de hel.
Dit ha ik noch foar eagen:
lang libje Eastenryk!
Mei in teken om de krún,
de aura fan syn wil,
seach dizze kristus fier
de bloei fan Edens tún
yn ’t fjurjen, ’t waard doe stil.
* Francisco Goya (1746-1828)
hat in rige etsen makke en
it skilderij ‘De tredde maaie 1808′
oer de ferskrikkings fan de oarloch,
doe’t de troepen fan Napoleon
tusken 1808 en 1814 yn Spanje
húsholden.
** Edouard Manet (1832-1883)
skildere de ‘Eksekúsje fan keizer
Maksimiliaan’ fan Meksiko yn 1867,
dy’t troch keizer Napoleon III
yn de steek litten waard.
|