Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel gefjocht

Keunst

fan James Ensor*



De manlju oan de muorre skreauwe
mei de dolk en feger út ’e list:
stek en slaan him stjerrend…dea!
De bisten yn de hoeke gûle:
wa’t de slach of stek no mist,
dy spuit en spuitet bloed,
giet nei it likegea.

De manlju dy’t yn fjochtsjen leauwe,
knipe, klauwe, hymje, gjin gesicht
hoe’t de eagen flitse as
de wjerljocht foar de tongerklappen
op ’e noas, dy rekket ticht
en spuitet strielen bloed,
’t streamt oer de reade jas.

Twa fjochtsje dan noch om de iene,
spuitsje elk de reade noch wat yn
foar it libben of de dea;
’t is stjerrend wier, de bisten gûle,
nee, it is op ’t hôf de wyn:
de reade leit foargoed
as lyk yn ’t swarte gea.

* James Ensor (1860-1949)
Skilderij ‘It gefjocht’
Tekening ‘Dea en dokter by in grêf’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum