fan Mariano Fortuny y Carbó*
fan Juan Manuel Blanes**
Draafd en plûnze en noch swommen,
letter boud in sânkastiel,
en doe’t er kriich in droege kiel,
hat fluch de floed syn bouwurk romme.
Hearlik neaken lit er komme
’t wetter op syn waarme fel
en jout him yn syn dreamwrâld del:
de ridder komt op ’t lûd fan trommen.
Wurk en wurk en wurk, itselde
ritme dei op dei op dei,
in steapel dy’t sy stadich lei
en dêr’t sy amper oer fertelde.
Nei it wurk, net yn de winter,
want dan is de stien te kâld,
begjint sy mei har eigen wrâld,
net swierder as in lichte flinter.
* Mariano Fortuny y Carbó (1838-1874)
Skilderij ‘Neaken op it strân by Portici’
** Juan Manuel Blanes (1830-1901)
Skilderij ‘Lânskip yn Paraná’
|