Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dichter

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jean-Auguste-Dominique Ingres*

Image

In Fryske dichter moat it dwaan
mei heechút tuorkes oan de kym
dy’t steande bliuwe mei subsydzje,
dochs sil hy in krânse jaan
fan syn gefoelens mei of sûnder rym,
net wis fan syn klandyzje.

Sjoch dan de timpel fan de Gryk
mei Zeus syn byldnis yn ’t timpaan
dy’t steande bliuwt op steunpilaren,
want gjin minske is gelyk
oan god, in boppeminskelike baan,
derûnder stiet de skare.

Homerus sit op ’t heechste plak
as dichter fan de heldemoed
troch faam Victoria bekroane;
’t dichtsjen is foar him in fak,
in maraton mei oan de ein de groet
as winner, heechop troane.

* Jean-Auguste-Dominique Ingres (1780-1867)
seach himsels as liedsman fan de klassike skilderkeunst.
Skilderij ‘De apoteoaze fan Homerus’ 

 

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum