januari 19, 2017
fan Marc Chagall*
Se wiene nei it doarp marsjearre,
soldaten mei in rûn symboal
en op it skouder ienenfjirtich,
se wiene út op drank en hoal,
foar har koe neat de nacht bedjerre.
Se wiene ier wer ôfmarsjearre
op ’t klopjen fan de holle kop,
noch op it skouder ienenfjirtich,
foar ’t migen holden se in stop
en koene de fioele hearre.
De snaren ha wol oeren klage
om ’t lyk dêr tusken seis kear ljocht
en fammen yn har eare oantaast,
de biezem hat de troep opsocht
en alles fan de strjitte fage.
* Marc Chagall (1887-1985)
Skilderij ‘Soldaten’
Skilderij ‘De deade’
november 14, 2024
november 7, 2024