fan James Ensor*
Dêr lizze sy foar dea,
strieden foar it fiskersrjocht,
dat har yn fûle opstân brocht,
sy woene ’t leafst net stjerre.
Dêr steane de sjendarmes, koppen
fan de alderheechste plicht,
de spatten bloed noch op ’t gesicht,
sy ha ta oarder roppen.
Dêr stiet de offisier, de finger
wizend nei it sljochte folk,
hy is foar syn sjendarmes tolk,
jout oan ’t geweld syn slinger.
Dêr stiet de magistraat foar ’t finster,
lokkich dat it ôfrûn is,
fan syn sjendarmes is er wis,
de opskuor is it minste.
Dêr leit devoat de non op knibbels,
biddend foar it sieleheil
fan har, foargoed no ûnder seil,
’t gesicht yn reade ribbels.
* James Ensor (1860-1949)
kaam op foar de ferdrukten yn de maatskippij,
mei it skilderij ‘De sjendarmes’ foar de fiskers
fan Oostende, dy’t yn opstân kamen
|