Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Delgong

Keunst
PDF Print E-mail
fan Herman Kruyder*
fan Dirck de Horn**

Image

Yn de moarntiid song er ’t heechste liet
as wekker fan de nije dei
en teken fan it kleurich ljocht,
hy koe noch skamte noch fertriet,
naam yn de fleur syn hinnen mei,
hie fan it grutske kraaien nea syn nocht.

Foar de buert wie ’t nocht der al gau ôf
as wekkers fan de moarntiidsrêst,
it leafst noch tsjuster as de nacht,
de hoanne kaam dêrtroch yn ’t nau:
de spoar derôf, de snaffel ticht,
it kraaien hied er net mear yn de macht.

Spoarleas siet er op ‘e skiere stien,
gjin krêft mear foar in hinnesprong,
syn lege liet waard sels in flop,
him waard de nekdraaidea oandien,
dêrfoar klonk noch syn hease song,
doe hong er slop en swijend op ‘e kop.

Image

* Herman Kruyder (1881-1935)
skildere yn ekspresjonistyske styl
in warleaze hoanne yn in tryste omjouwing.

** Dirck de Horn (1626-1686)
wie in Ljouwerter skilder fan stillibbens.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum