Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De tsjustere dei

Keunst
PDF Print E-mail
fan Pieter Brueghel *

Image

Wylst strielen noch it spoar útsette,
skowe meunsterwolken tichterby
dy’t aanst it lêste ljocht opfrette,
wylst de minskewrâld fart leech foarby.

Gjin driging kin de minske keare
dy’t de wylch besnijt foar fjoer en brea;
de wolken kinne noch sa beare,
hy bekapt it libben út ‘e dea.

Image

En yn de lijte fan de huzen
dûnsje doarpsgenoaten op muzyk,
wylst boatsjefolk fersûpt as muzen,
bringe biners tûken yn it lyk.

As yn de nacht it waar belunet,
wit de moarn net watfoar wrâld er sjocht,
de tûken fiele har bestrune
troch it ieuwen al ferrizend ljocht.

Image

* Pieter Brueghel (sirka 1525-1569) wie in skilder
út ‘e súdlike Nederlannen dy’t,
hoewol’t er ek yn Italië wurke hat,
as realist natuer en minske út it eigen gea werjûn hat.  

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum