maart 17, 2026

fan John Alexander*
Sjedêr, mynhear de presidint,
it folk dat leaut yn MAGA:
meitsje grut Amearika,
mei findels boppe hollen,
guon al mei in holle kop,
marsjearje mei yn de parade,
mynhear de presidint.
As kriminele presidint
sil frijheid jo behage,
better as de finzenis,
it is de frijheid fan in bolle
mei de hoarnen foar de kop,
dy’t daveret yn de parade,
in baltend presidint.
Op ’t lêst, mynhear de presidint,
ferliest it folk fan MAGA:
lyts wurdt grut Amearika,
te witen oan betize hollen,
guon al mei in deadske kop,
it is de ein fan de parade,
mynhear eks-presidint.
* John Alexander (1945-…)
Skilderij ‘De parade’
februari 12, 2026
januari 13, 2026