Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De knollefoet

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jusepe de Ribera*

Image

Wêrom sil ik sitten gean,
de holle djip foaroer
op ’t stompke fan de hân
om nei myn knollefoet te stoarjen?
Folle leaver wol ik stean,
wat skeelt my hjoed de kloer,
ik swalkje op myn knol troch ’t lân.

Hjoed sil elkenien him sjen,
myn skjinne biddelbrief
mei wurden yn ’t Latyn:
Gods leafde, jou my gau in jelmis,
sokssawat, oars giest ferlern,
want sjoch my net as dief,
ik kin rap hippe as in knyn.

Moarn sil ik wol sitten gean
op ’t drokste fan de merk
en tichtby it paleis:
‘Gods leafde, jou my gau in jelmis…’
Elkenien bliuwt foar my stean,
smyt rap wat yn myn flerk
en oaremoarn? Wer ûnderweis!

* Jusepe de Ribera (1591-1652)
skildere de ynvalide, jonge bidler yn Napels,
dêr’t er it grutste part fan syn karriêre wenne.
Hy hie in swak foar minsken yn de nederklits.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum